Op tongersdeitejûn 4 april 2024 is yn húskeamer Sedrana van Stjoer it meartalige online album Now is the time to say new things presintearre.

Under lieding fan Jochem Knoef makken Özgür Özhan, Fatma Sahin, Abduhalim Albakkor, Shaiem Ejaz, Kanadel Ejaz en Setareh Zeinhali mei stedsdichter Marrit Jellema en Dichter fan Fryslân Arjan Hut nije, meartalige poëzy basearre op wurk fan de Perzyske dichter Jalal ad-Din Rumi (1217-1273). De poëzy is op muzyk set en opnaam mei de muzikanten fan Grenzeloze muziek.

It online album is te beharkjen op alle streamingstsjinsten, bygelyks op Spotify.

De Moanne skreau oer Now is the time to say new things:

Now is the time to say new things is in projekt fan Stjoer (Onze familie in Leeuwarden) en Ljouwert UNESCO City of Literature, foar it programma Over de drempel fan de gemeente Leeuwarden en Arcadia.

foto: Jeroen van de Bovenkamp
foto’s artikel: Natalia Balanina