It Nederlands Letterenfonds stimulearret de kwaliteit en ferskaat fan nije literatuer yn it Nederlânsk, Frysk en Papiamintsk. It fûns hie al projektsubsydzjes foar it skriuwen of oersetten fan literêre boeken yn in protte sjenres. No kinst ek in projektsubsydzje oanfreegje as makker fan nije literatuer oars as it boek: fan foarstelling oant podcast en fan spoken word oant virtual reality.

De projektsubsydzje jout tiid, romte en middels om nij wurk te meitsjen. Ast ​​​​wolst, kinst ek in part fan it bedrach besteegje oan profesjonele ûntwikkeling.

Oanfragen kinne trochrinnend dien wurde. Ast ​​de subsydzje krijst, is it altyd € 10.000. Lês, foardatst de oanfraach yntsjinnest, altyd de regeling en it oanfraachformulier goed troch. Ast fragen hast, kinst altyd kontakt opnimme mei it Letterenfonds.

Makers buiten het boek is in proefregeling en rint fan oktober 2022 oant en mei 30 septimber 2023 – of hâldt earder op as it budzjet op is.