Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert.

Yn it lesblok Skriuwtechniken A komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken A, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is. 

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza, Essay of Poëzij. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goede wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle. 

De 12 lessen* fan de kursus Skriuwtechniken A binne fan 25 septimber ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. It lesjild foar Skriuwtechniken A is 540 euro. Krigest les fan Arjan Hut.

*Lesdata (ûnder foarbehâld):

  • Skriuwtechniken A: 25 septimber, 2, 16 en 30 oktober; 6, 20 en 27 novimber; 11 en 18 desimber 2024; 8, 22 en 29 jannewaris 2025
  • Proaza 1: 25 septimber; 2, 16 en 23 oktober; 6, 13 en 20 novimber; 4, 11 en 18 desimber 2024
  • Proaza 2: 2, 9, 16 en 30 oktober; 6, 20 en 27 novimber; 11 en 18 desimber 2024 ; 8, 22 en 29 jannewaris 2025
  • Losse kursus Literêre non-fiksje:
    22 oktober; 5 en 19 novimber; 3 en 17 desimber 2024; 7 en 21 jannewaris; 4 febrewaris 2025

Wolst mear ynformaasje? Mail nei info@leeuwardencityofliterature.nl. 

Kijk voor Nederlandstalig aanbod van de Schrijversvakschool in Leeuwarden bij dbieb.

Foto: Natalia Balanina