Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 4 oktober set it lesblok Skriuwtechniken wer útein. Op woansdei 28 juny en woansdei 13 septimber binne der yntroduksjelessen by Tresoar yn Ljouwert.

Yn it lesblok Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is. 

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza en Essay. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle. 

De 12 lessen* fan de kursus Skriuwtechniken binne fan 4 oktober ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. It lesjild foar it lesblok Skriuwtechniken is 480 euro.

Op woansdei 28 juny en woansdei 13 septimber fan 18:45 oant 21:45 oere binne der fergees tagonklike yntroduksjelessen Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjelessen en it lesblok kin op www.skriuwersfakskoalle.frl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail mei Tryntsje van der Steege: tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl. 

*Lesdata:

  • skriuwtechnyk A: woansdeitejûn 4, 11 en 18 oktober; 1, 8, 15 en 29 novimber; 13 en 20 desimber 2023; 10, 24 en 31 jannewaris 2024. 
    Foar wa ‘t A folge hat:
  • skriuwtechnyk B: woansdeitejûn 4 en 18 oktober; 1, 15 en 29 novimber; 13 en 20 desimber 2023; 10 jannewaris 2024.
    Foar wa A en B folge hat:
  • toaniel 1: tiisdei 3, 17 en 31 oktober; 14 en 28 novimber; 12 en 19 desimber 2023; 9, 23 en 30 jannewaris 2024.

Ynskriuwe kin oant 20 septimber 2023 op: