Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 28 febrewaris set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 7 febrewaris is der in fergees tagonklike yntroduksjeles. 

Yn it lesblok Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is. 

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza, Essay of Poëzij. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle. 

De 12 lessen* fan de kursus Skriuwtechniken A binne fan 28 febrewaris ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. It lesjild foar Skriuwtechniken A is 480 euro. Krijst les fan Arjan Hut.

Op woansdei 7 febrewaris fan 18:45 oant 21:45 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles en it lesblok kin op www.skriuwersfakskoalle.frl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail mei Tryntsje van der Steege: tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl. 

Lesdata:

  • Skriuwtechniken A: woansdeitejûn 28 febrewaris, 6, 20 en 27 maart, 10, 17 en 24 april, 8, 22 en 29 maaie, 12 en 19 juny 2024 
    Foar wa ‘t A folge hat:
  • Skriuwtechiken B: woansdeitejûn 28 febrewaris, 13 en 27 maart, 10 en 24 april, 8 en 29 maaie, 12 juny 2024
    Foar wa A en B folge hat:
  • Poëzij: 28 febrewaris, 6, 20 en 27 maart, 10 en 24 april, 8 en 22 maaie, 5 en 19 juny 2024.


Ynskriuwe kin oant en mei 15 febrewaris 2024 op:

Leaver ferhalen skriuwe yn it Nederlânsk? De Schrijversvakschool jout ek lessen yn it Nederlânsk, bygelyks yn dbieb yn Ljouwert.

Foto: Natalia Balanina