It National Center for Writing, fêstige yn Norwich UNESCO City of Literature, jout yn febrewaris 2021 trije firtuele residinsjes oan literêre skriuwers en oersetters út oare UNESCO-literatuerstêden.
Yn it ramt fan de residinsje fan in moanne sille de firtuele skriuwers en oersetters frege wurde om de ferbannen tusken Norwich en har eigen UNESCO-literatuerstêd te ûndersykjen en oan in rige opdrachten te wurkjen. Se krije in fergoeding fan £ 1.500. De deadline foar de opjefte is moandei 16 novimber 2020.