Bist ek ûnwennich fan Lyts gelok? Dan ha we goed nijs foar dy! Op literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse, fan 13 oant en mei 16 novimber op Skiermûntseach, kinst samar wer ferrast wurde troch gelok en ferwûndering.

Op tsien plakken op it eilân kinst in tekst fine. Kinsto se fine? Mei bydragen fan Muriel Barbery, Boaz Blume, Esmé van den Boom, Stefan Brijs, Maarten Inghels, Gerard Marcel de Jong, Natalie Koch, Pia Prezelj, Frances Reynolds en Bernard Wesseling.

Wy brochten tidens Arcadia (17 maaie o/m 24 augustus 2025) 100 literêre ljochtpuntsjes dy’t oeral yn Fryslân opdûkten. Fan fragmint ta komplete tekst en hieltyd yn in oare foarm. Tidens Meet Me at the Lighthouse presintearje wy dy in mini-reprise. Keapje gau dyn kaartsje foar it festival!

Foto: Lucas Kemper