Martsje de Jong krige tongersdei 27 juny yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM 2024. Dêrmei waard sy de bêste Poëzijslammer fan 2024. Sigrid Kingma waard twadde. De Fryske SLAM soarge lykas ferline jier ek diskear wer foar in rekôr oantal besikers yn De Gouden Leeuw; sa’n hûndert man publyk wie tsjûge fan de foardrachtswedstriid.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, organisearre tegearre mei Gabriëlle Terpstra de twadde edysje fan de Fryske SLAM, in poëzijfoardrachtswedstriid mei Marije de Lange, Kees de Vries, Carla van der Zwaag, Karst Tjoelker, Lara Kool, Sigrid Kingma, Martsje de Jong, Tamara Feddema, Ypie Bakker en titelferdigener Syds Wiersma, winner fan de Fryske SLAM 2023. Der wie muzyk fan de Ladybirds.

Foto: Natalia Balanina