It literêre non-fiksjeboek De eilanden van goed en kwaad van Adwin de Kluyver minearre foar de Amarte Literatuurpriis 2026. De Kluyver stiet op de longlist mei fyftjin titels dy’t yn oanmerking komme foar de prestizjeuze priis.
Yn De eilannen fan goed en kwea nimt De Kluyver lêzers mei op in konfrontearjende wrâldreis. Hy lit sjen hoe’t de minske iuwenlang eilannen brûkt hat as laboratoarium foar natuerlike én sosjale eksperiminten. In sammelting fan reisferhaal, essay en skiedskriuwing oer filosofen en fantasten, wittenskippers en bedragers.
It boek ferskynde yn april 2024 by Uitgeverij Spectrum en waard unanym loovjend ûntfongen. Dit jier ferskynt ek in Dútske oersetting. De Kluyver skreau earder Het gedroomde Noorden en Niemandsland, wêrmei’t er nominearre waard foar de Jan Wolkers Prijs. Letter dit jier debutearret er as jeugdboekeskriuwer by útjouwerij Lemniscaat.
Ein april presintearret de sjuery de shortlist. De winner wurdt yn maaie 2026 bekend makke en krijt € 15.000, in essayistyske skôging en in trofee.
Foto: Tryntsje Nauta