De gemeente Ljouwert is foar de kommende twa jier op syk nei in Stedsdichter foar har stêd en de 35 doarpen. Entûsjaste wurdkeunstners kinne har oant 15 novimber hjirfoar oanmelde fia www.leeuwarden.nl/stadsdichter. De Stedsdichter skriuwt alle jierren in tal wurdkeunsten foar Ljouwert en sil dy foardrage yn de perioade fan 2024 oant 2026.

De rol fan de Stedsdichter
“Net allinnich wie Ljouwert yn 2018 de Kulturele Haadstêd fan Europa, mar sûnt ein 2019 is de stêd de grutske drager fan de titel UNESCO City of Literature, een titel dy’t bliuwt. Us stêd, tegearre mei har doarpen, fertsjinnet in eigen Stedsdichter”, sa seit wethâlder Hein Kuiken. In Stedsdichter skriuwt oer it Ljouwert fan no, wjerspegelet wat der libbet en hat in djipgeande ferbining mei de mienskip en har kulturele en maatskiplike ûntwikkelings. De Stedsdichter fungearret as in ûnôfhinklike en ferbinende krêft foar hiel Ljouwert, is kritysk en belutsen, en stimulearret de leafde foar wurdkeunst.

Utferkiezing
Kandidaten kinne har oant 15 novimber oanmelde troch in mail te stjoeren nei stadsdichter@leeuwarden.nl. Dêryn beskriuwt de kandidaat wa’t hy of sy is, wat de motivaasje is en leveret in plan om poëzy, as dichter, spoken word artyst, wurdkeunstner, ûnder de oandacht te bringen yn it meartalige Ljouwert. Dêrneist stjoert de kandidaat Stedsdichter twa eigen wurken (poëzy) mei, wêrfan ien relatearre oan Ljouwert. De foarm fan de ynstjoering is frij te kiezen. De ynstjoeringen wurde beoardiele troch in sjuery wêrfan’t de leden ynkoarten bekend makke wurde.

Ein jannewaris 2024, yn Poëzieweek, wurdt de nije Stedsdichter bekend makke. De keazen Stedsdichter ferfollet in twajierrige termyn.

Alle jierren skriuwt de Stedsdichter op syn minst seis wurdkeunstwurken oer of foar Ljouwert en nimt diel oan offisjele gelegenheden dêr’t it wurk foardroegen wurdt. De Stedsdichter kriget in fergoeding fan € 4.000,- it jier foar it realisearjen fan it projektplan, en dêrnjonken in honorarium fan € 4.000,- it jier.

Betingsten
Om yn oanmerking te kommen foar de funksje fan Stedsdichter fan Ljouwert moat men oan guon kritearia foldwaan. De Stedsdichter is 18 jier of âlder en wennet yn de gemeente Ljouwert. De Stedsdichter hat in sterke bining mei wat der yn Ljouwert spilet en hat each foar kulturele en maatskiplike ûntwikkelingen. En fansels is de Stedsdichter ree om him yn 2024 en 2025 yn te setten as Stedsdichter fan Ljouwert.

Mear ynformaasje oer de betingsten en it oanmelden op: