Under mear Toine Heijmans, Mariken Heitman, Simone Atangana Bekono en Myron Hamming komme fan 9 oant en mei 12 novimber nei Skier foar de twadde edysje fan literatuerfestival Meet Me At the Lighthouse.

Ljouwert City of Literature fersoarget op it festival programma-ûnderdielen mei skriuwers en útjouwers dy’t meidogge oan it Europeeske projekt LIT-UP. Yn it projekt LIT-UP wurkje Boeken fan Fryslân en Leeuwarden UNESCO City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Dit jier komme de partners byinoar op Skiermûntseach. In part fan it LIT-UP programma is iepen foar besikers fan it festival.

Skriuwer Ixiar Rozas Elizalde treedt tongersdeitejûns op by de iepening, tagonklik foar alle besikers fan it festival. Op freedtemoarn binne der in ynspiraasjesesje en netwurkmominten foar ynternasjonale projektpartners en minsken út it boekefak. It programma Lytse talen op freedtemiddei is tagonklik foar alle besikers fan it festival.

Programmaûnderdiel Ynspiraasjesessjes en netwurkmomint
freed 10 nov. 10:45De Stag – Langestreek 23 Schiermonnikoog

Oan de ynspiraasjesesjes dogge mei: Mireille Berman fan it Nederlands Letterenfonds, dichter en skriuwer Tsead Bruinja, berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, skriuwer Anita Terpstra, dichter en skriuwer Nyk de Vries en Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân. De ynsprisaasjesesjes wurde laat troch prof. dr. M.P.J. (Mathijs) Sanders, heechlearaar Moderne Nederlandse Letterkunde oan de Ryksuniversiteit fan Grins.

Programma:
10:45 wolkom troch prof. dr. M.P.J. (Mathijs) Sanders
11:00 start ynspiraasjesesje 1
12:00 netwurklunsj
13:00 start ynspiraasjesesje 2
14:00 netwurkbuorrel Hotel De 4 Dames

Dielname is fergees, opjaan fia: sito@leeuwardencityofliterature.nl.

Programmaûnderdiel Lytse Talen
freed 10 nov. 16:00, De Stag – Langestreek 23 Schiermonnikoog

Lytse talen binne unyk, mar wurde ek bedrige yn harren bestean. It Frysk is dêr in foarbyld fan. Wat makket in taal in lytse taal? In literêr programma oer de kracht fan de oerlevering. Yn gearwurking mei Leeuwarden City of Literature yn it ramt fan LIT-UP, mei ynternasjonale skriuwers Ixiar Rozas Elizalde, Pia Prezelj en Paco Inclán. Sy geane yn petear mei Mathijs Sanders en drage foar, lykas Tsead Bruinja. Dyami Millarson hat ûndersyk dien nei de Skiermûntseager taal en hâldt him yn it algemien dwaande mei it behâld fan talen dy’t driigje te ferdwinen. Yn dit programma fertelt hy oer it belang fan behâld en oerlevering fan talen. Goed om te witten: dit programma is yn it Ingelsk.

Foar dit programma is in tagongskaartsje nedich.

Mear ynformaasje en kaartsjes op: