In tal literêre kuiers yn Fryslân sil wol bekend wêze, lykas de Poëzyûte (mei grutte strjittetegels) yn Ljouwert en faaks ek de rûte mei fersen troch natuergebiet Wynjeterperskar (foto). Mar der binne mear plakken wêr’t men al kuierjend genietsje kin fan poëzy!

Oan ús literêre kaart hawwe wy it startpunt fan in tal besteande literêre kuiers taheakke. It giet hjir ek om rûtes yn Frjentsjer, Oranjewâld en Aldegea. Wy binne der wis fan dat der mear kuiers en rûtes yn Fryslân binne dêr’t bliuwend gedichten oan taheakke binne. Oft it no op strjitten, pealtsjes of muorren is. Graach sjogge wy jimme tips (mei it leafst in online fynplak fan de beskriuwing fan de kuier) yn ‘e e-mail yn ‘e mjitte, sadat we se meinimme kinne yn de literêre kaart. Hiel hertlik tank alfêst!

Noch in aardige tip: op de webside straatproezie.nl kinsto ek de plakken fan losse gedichten fine.