De Flecht fan de Reade Skries is in poëzyprojekt fan Melbourne en Ljouwert, beide UNESCO Cities of Literature. Acht dichters skriuwe tegearre in kettinggedicht oar de fleanreis fan de reade skries. Se meitsje dêrmei in poëtyske, artistike kaart: in oade oan syn bûtengewoane fleanfermogen en oerlibbingsdrang, in ferbylding fan de skjintme fan it reizgjen tusken twa (t)huzen yn in fûgellibben. Elke twa wiken komme se byinoar yn in firtuele writers’ room, dêr’t hieltyd ien dichter in nije etappe yn fêstleit.
Kom yn de kunde mei de dielnimmers oan de firtuele writers’ room ‘De Flecht fan de Reade Skries’:
Skriuwers út Louwert/Fryslân City of Literature
Tamara Feddema (sy/har,1976) is hikke en tein yn de Fryske Wâlden. Se skriuwt al sûnt har achtste, doe’t se har earste toanielstik skreau. Se skriuwt it meast en it leafst yn it Frysk, mar boartet sa no en dan ek mei it Ingelsk en Nederlânsk. Tamara hat oant no ta toanielstikken, liedteksten, spoken word en koarte ferhalen produsearre, mar de klam leit op it skriuwen fan Fryske poëzy. Har belangrykste ynspiraasjeboarnen binne keunst, natuer, reizgjen, it libben en abstrakte surrealistyske pop-art poëzy.
Tamara is sûnt 2024 studint oan de Skriuwersfakskoalle yn Ljouwert. Har gedichten waarden publisearre yn kultureel tydskrift De Moanne (autobiografyske gedichten ‘It Lykpaad’ en ‘Jan van de Capelle’). De Leeuwarder Courant publisearre yn gearwurking mei itselde tydskrift har koarte ferhaal ‘It Blommefjild’. Mei har gedicht ‘Winter yn Fryslân’ wûn se de GJALP yn 2025. It gedicht waard presintearre op it Noordelijk Film Festival en is hjir online te besjen, foarlêzen troch Tamara sels en mei Ingelske ûndertiteling.
Myrte Marije Veenbaas (1986) is dichter en skriuwer. Se groeide op yn Amstelveen en wennet ôfwikseljend yn Amsterdam en Fryslân. Myrte debutearre yn 2024 mei seis gedichten yn literêr tydskrift Ensafh. Yn datselde jier waard se einredakteur fan it tydskrift, dêr’t se noch hieltyd geregeld gedichten publisearret. Yn 2025 wûn se de GJALP mei it gedicht ‘Held op sokken’, basearre op har pake, in traumatisearre fersetsstrider.
Nei it ûnferwachte ferstjerren fan har mem yn 2025 begûn Myrte oan in rige reflektive essays oer rou, dy’t yn 2026 yn kultureel tydskrift De Moanne ferskine sille. Yn dy teksten besiket se op ’e nij betsjutting te finen yn tiden fan ferlies. Se wurket ek oan har earste boek, Tussen oorijzer en strijd. Myrte ûndersiket it konsept fan identiteit en bestean troch it yn in breder ramt te pleatsen: famyljeskiednis in lânskip spylje in sintrale rol yn har wurk.
Sylke Kingma (1998) is in Fryske skriuwer, berne yn Stienwyk en opgroeid yn Ried. Se studearre maatskiplik wurk yn Ljouwert en is kontinu dwaande har ekspertise yn dit fakgebiet te ferdjipjen en oan te skerpjen. Har wurk as begelieder is in belangrike boarne foar in protte fan har poëzy.
Sylke besiket de wrakselingen dy’t by it minsk-wêzen hearre te fangen, te ferwurdzjen en fierder te ûndersykjen. Dy eksistinsjele spanningen foarmje faak de kearn fan har wurk, en út in holistysk perspektyf wei wol se oaren ynspirearje en motivearje ta ferbining. Har grutste ynspiraasjeboarne leit ticht by hûs: it lânskip, de Waadsee. Sûnt 2024 is Sylke mei-organisator fan Diele fan it Waad, in jierliks poëzy-inisjatyf dat de relaasje beljochtet tusken minsken en it lân dat se bewenje.
Elmar Kuiper (1969) is ûnder mear psychiatrysk ferpleechkundige, byldzjend keunstner, toanielskriuwer, filmmakker en dichter. Hy liket by steat te wêzen om humor en oprjochtheid, absurdisme en gefoelichheid te kombinearjen op in manier dy’t persoanlik en folslein unyk is.Mei syn yntinse en somtiden wat nuvere gedichten en syn drûge humor wie Elmar in iepenbiering op ferskate nasjonale en ynternasjonale poadia. Syn gedichten litte genôch bewiis sjen fan syn orizjinaliteit, lef en in sterk assosjatyf fermogen. Se behannelje grutte tema’s: ferlangen, leafde en dea, macht en ûnmacht. Yn syn wurk is alles fetber foar twivel, neat stiet fêst.
Skriuwers út Melbourne/Victoria City of Literature
Ruby Mary Gill is in yn Súd-Afrika berne, yn Australië wenjende dichter en muzikant waans ‘lyryske tsjoenderij’ har de reputaasje jûn hat fan in auteur dy’tst net misse meist. Har wurk oer seks, queer-wêzen, rou, ferkearsslachtoffers en fûgels is faak publisearre yn de Saturday Paper, Harvard Advocate, Griffith Review, Verandah Journal, Unyoked Anthology en mear. De debuutbondel fan Ruby, I’m not exaggerating when I say ferskynde yn desimber 2025 en wie al útferkocht foar’t de publikaasjedei foarby wie.
Ruby wie twa kear nominearre foar de Australian Music Prize en stie koartlyn op de shortlist foar har twadde album ‘Some Kind Of Control’. De resinsjes wjerspegelen de wurden fan Zan Rowe fan double j: “excuse me while I scrape myself off the floor.” Yn har frije tiid is Ruby Birdlife Ambassadeur en doarmet se troch de bush om har wiidweidige Excel-spreadsheet mei fûgelobserfaasjes by te wurkjen.
Dr. Mohammad Taha is in dichter en ûndersiker waans wurk draait om ferlies, oantinkens en de stille fearkrêft fan oerlibjen. Harren skriuwt om te ferstadigjen en better te sjen, en bringt ús yn it sin dat neat echt gewoan is. Harren wurk oerbrêget de kleau tusken wittenskip en keunst, mingt observaasje mei refleksje en siket nei stilte, ferbining en it op ’e nij ûntdekken fan bûtenwenstige skjintme yn wjerstân, graasje en flecht.
Sam Morley hat publisearre yn ferskillende tydskriften en is nominearre foar de Montreal International Poetry Prize. Hy krige yn 2022 de Tina Kane Emergent Writer Award op it Mildura Writer’s Festival. Bondels fan him binne û.o. Earshot (Puncher and Wattmann) en You Do You, no te krijen by Upswell.
Jacqueline Hodder is in skriuwster en fanatyk fûgeler en wennet yn Naarm/Melbourne.
Se hat in priis of eareplak behelle yn ferskate skriuwwedstriden, wêrûnder de Odyssey House, Nillumbik, en Peter Carey Short Story Awards, en hat meardere boeken publisearre. Jacqueline skriuwt graach ferhalen dy’t it hert reitsje. Har wurk is te finen op www.jacquelinehodder.com en op Instagram fia www.instagram.com/jacquelinehodder_writer.