Bist in skriuwer tusken de 14 en 18 jier en wolst graach dyn eigen poëzy perfoarmje foar publyk? Dan is dit dyn kâns. De Jonge Schrijvers sille nei Oerol Festival op Skylge, dêr’tst tusken 19 en 21 juny yn it festivalhert optrede meist.
Jonge Schrijvers is in skriuwoplieding foar jongerein yn Fryslân, organisearre troch Explore the North en Meeuw jonge teatermakkers. Proza, poëzy, teäter, songs, filmsenario’s: alles komt yn de skriuwlessen foarby.
De byhearrende lesse-rige wurdt jûn troch dichter, toanielskriuwer en performer Yentl fan Stokkum. Sy soarget datst oant yn de puntsjes klear bist foar dyn eigen performance op it festival.
De lessen binne op woansdeitejûns (18:30 – 21:00 oere) by Podium Explore yn Ljouwert.
Mear ynformaasje & oanmelde fia de webside fan Explore The North.