Yn juny waard bekend dat Schaduw van Toet op de shortlist stie foar de Thea Beckmanprijs. En ôfrûne sneon wie it dan safier: de priis waard yn it Museumpark Archeon útrikt oan it beste histoaryske jeugdboek. Schaduw van Toet fan de Fryske auteur en eardere Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, Lida Dykstra, wûn dy priis.

De winner fan de Thea Beckmanprijs ûntfangt € 1.500,- fan Archeon. Ofwikseljend wurde boeken foar jonge en foar âldere lêzers keazen. Yn 2023 bekroande de sjuery wurk foar jongeren fan 12 jier ôf. Op de shortlist stiene:

Els Beerten – De rest van ons leven (Querido, maart 2022)
Lida Dijkstra – Schaduw van Toet (Luitingh-Sijthoff, oktober 2021)
Jean-Claude van Rijckeghem – Onheilsdochter (Querido, mei 2022)
Astrid Sy – Noem geen namen (Luitingh-Sijthoff, april 2021)
Anna Woltz – De Tunnel (Querido, mei 2022)

By dizze fiif titels binne troch studinten fan de Willem de Kooning Academie koarte animaasjefilmkes makke. It filmke by Schaduw van Toet is hjir te sjen.

Ut it rapport fan de sjuery: “Lida Dijkstra schreef een prachtig boek waarin farao Toetanchamon, een van de bekendste onbekenden ter wereld, vakkundig en trefzeker in de historische context wordt gezet. De statige wereld van het oude Egypte komt zo heel dichtbij. De terloopse schrijfstijl, schitterende uitvoering en de illustraties van Djenné Fila dragen eraan bij dat dit boek een feest is om (voor) te lezen.”

De sjuery bestie út Hubert Slings (voorzitter), Liselotte Dessauvagie, Rutger van Driel, Inge Mooiman, Monique Veldman en Moniek Warmer.