De Fryske berneboekeskriuwster en ‘Berneboeke-ambassadeur’ Lida Dijkstra stiet mei har boek Schaduw van Toet op de longlist foar de Flaamske literatuerpriis de Boon foar berne- en jeugdliteratuer. Schaduw van Toet is in jeugdroman oer de jonge farao Toetanchamon en syn healsuster, dy’t as in skaad om him hinne libbe.

Yn 2021 seach in nije Flaamske literatuerpriis it ljocht: de Boon. De priis is ferdield yn twa kategoryen: de Boon foar fiksje en non-fiksje en de Boon foar berne- en jeugdliteratuer. In jier lang liezen saakkundige sjuery’s de massale ynstjoerings. Se selektearren 15 boeken yn elke kategory.

De shortlist (5 boeken de kategory) wurdt heal jannewaris bekend makke. Op 24 maart 2022 rikt De Boon yn elke kategory foar it earst in priis út yn CC De Grote Post yn Oostende. De winners krije elk € 50.000.

Oer Schaduw van Toet

Yn Schaduw van Toet nimme skriuwster Lida Dijkstra en yllustrator Djenné Fila dy mei nei it hof fan de farao’s yn it âlde Egypte. Achter alle pracht en preal besiket in jonge keningsdochter te oerlibjen yn in wrâld fol list en bedroch.

Ankhesenamun groeit op yn it hof fan har heit, Farao Achnaton, yn it âlde Egypte. Nettsjinsteande de lúkse fan in prachtich nij paleis en in libben fol mei parades en feesten, is har libben net maklik. Har famylje is gek op macht en har heit is net populêr by de minsken. Ankhesenamun hat al fiif susters as se in healbroer krijt: Toetanchamon, in swakke jonge mei in bryk fuotsje – de takomstige farao fan Egypte. Se wurdt syn beskermer en leart him alles wat er witte moat om yn libben te bliuwen. As in skaad libje se om inoar hinne, en alles liket goed te gean. Oant it needlot taslacht en har eigen libben yn grut gefaar is…