‘Jonge Schrijvers’ giet wer los! De skriuwoplieding fan Productiehuis Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers begjint op 4 oktober. Nei in suksesfolle twajierrige pilot wurdt Jonge Schrijvers fan no ôf struktureel trochset troch de beide organisaasjes. De skriuwoplieding jout jongeren de kâns harren – ûnder begelieding fan ynspirearjende jonge skriuwdosinten – fierder te fersterkjen yn it skriuwen fan teksten foar teäter, literatuer, muzyk en poëzy. Ynskriuwe kin fanôf no.

Jonge Schrijvers is der foar jongerein fan 14 jier ôf dy’t graach skriuwe. Ferhalen, gedichten en sels teäterteksten. By de skriuwoplieding fan Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers krije se de mooglikheid om faker te skriuwen en te learen hoe ‘t se der noch better yn wurde kinne. Yn ‘e mande mei jonge, profesjonele dosinten gean dielnimmers boartsjen mei wurden, taal en tekst. Yn in ynspirearjende rige fan sân lessen leare se it skriuwen fan teksten; fan poëzij oant koart ferhaal en fan teätertekst oant spoken word.

Les fan ynspirearjende skriuwers

De dielnimmers krije twawykliks les fan betûfte dosinten, dy’t sels as profesjoneel skriuwer aktyf binne. Wessel de Vries is skriuwer fan teäterteksten en thús yn sawol de Nederlânske as de Fryske taal. Yentl van Stokkum is skriuwster fan proaza, poëzy en teäterteksten. Boppedat makket se podcasts.

Performances op ferskate festivals

De skriuwlessen foarmje de basis foar ferskate performances, dêr’t it wurk fan de jongeren in poadium in plak krijt. It wurk fan de Jonge Schrijvers waard ûnder oare presintearre yn de performance Het Grote Onbekende op Oerol en Explore the North en wie de basis foar de foarstelling Alles is een Scheermes.

Ynskriuwing no iepene

De kick-off fan de Jonge Schrijvers is op snein 4 oktober, dêrnei krije de dielnimmers twawykliks les op woansdeitejûn. De lessen fine plak yn De Westerkerk, Bagijnestraat 59 yn Ljouwert.

Mear ynformaasje & ynskriuwe