Fan 21 novimber oant 7 desimber binne de doarren fan de Zinnenfabryk yn dbieb iepen! It is in tydlike poëzijwinkel, ûnder lieding fan stedsdichter Marrit Jellema. Marrit en har team fan wurdkeunstners steane klear om dy wolkom te hjitten. Se hawwe in brede seleksje fan gedichten om út te kiezen! En as dyn gedicht der noch net hielendal by sit, meitsje se in gedicht op maat. In kado fan de gemeente Leeuwarden oan alle ynwenners.

Rinst dbieb yn en sjochst fuortendaliks de pop-upwinkel by de yngong. It is gjin gewoane winkel. It fielt in bytsje as it ynstappen yn in lytse, fleurige fabryk dêr’t wurden makke wurde wylsto der nei sjochst.

Oeral sjochst kasten en fakken fol mei koarte, ferrassende en orizjinele gedichten. De ûnderwerpen rinne tige útien; fan húshâldlike artikels oant skientmeprodukten, fan iten oant klean, fan leafde foar elkoar oant leafde foar ús stêd. Alles is maklik te ûntdekken en bedoeld foar elkenien: jong, âld, betûfte lêzers, of folsleine begjinners.

De Zinnenfabryk is in kado fan de gemeente Leeuwarden oan alle ynwenners. It is it perfekte plak om dizze hjerst wat persoanliks, waarms en orizjineels op te heljen. Oftst no op syk bist nei in kado, in gedicht nedich hast foar Sinterklaas, of gewoan benijd bist: bist fan herte wolkom. Marrit en har team litte dy graach sjen hoe moai taal wêze kin. Wat it kostet? Do beslist; betelje-watst-kinst! Do joust wat goed foar dy fielt en watsto misse kinst.

Iepeningstiden:
21 novimber – 7 desimber
Freed 12:00 – 17:00
Sneon 12:00 – 17:00
Snein 12:00 – 17:00

Fynst de Zinnenfabryk drekt by de yngong fan dbieb, Blokhuisplein 40, Ljouwert.