Fan freed 21 oant en mei snein 23 novimber fynt it jierlikse festivalwykein fan Explore the North plak. In trijedaagse ûntdekkingstocht fol ferhalen yn in soad foarmen. Op prachtige lokaasjes yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert nimme muzikanten, teätermakkers en dichters dy mei yn eigensinnige ferhalen, foarstellingen, konserten en mear.

Leafhawwers fan literatuer en poëzy kinne ek dit jier wer harren hert ophelje. In greep út it programma:

  • De wrâldwiid bekende Frânske skriuwer en sosjolooch Édouard Louis komt nei it festival. Hy giet ûnder oare yn petear mei kollega-skriuwer en freon Raoul de Jong. Oan de hân fan foardrachten troch akteurs Hans Kesting en Minne Koole komme alle wichtige tema’s út it wurk fan Édouard Louis foarby.
  • De Poezieboys (Joep Hendrickx en Jos Nargy) binne fêste gasten mei rock ‘n roll & poëzie. Se bringe mei Poezienight in programma fol Nederlânske en Flaamske dichters. Ek bringe se mei Joost Oomen de Oerolhit GEESTEN.
  • Ella Wassenaer gie yn de jierren fyftich as ien fan de iennige froulike Fryske dichters it eksperimint oan. Har ikoanyske bondel reade runen (1959) is foar it earst oerset út it Frysk wei nei it Nederlânsk troch Zindzi Tillot Owusu. De twatalige bondel (oanfolle mei essays) wurdt op snein presintearre. De deis derfoar bringe fjouwer jonge skriuwers de fergetten stim fan Ella wer ta libben.
  • Zea, alias Arnold de Boer, presintearret syn tredde Frysktalige album, In lichem fol beloften. Dat docht er tegearre mei de 16 perkusjonisten fan Drumband Hallelujah Makkum en dichter Tsead Bruinja.
  • Yn jierlikse residinsje De Verwonderkamer – in gearwurking tusken deBuren en Explore the North – wurkje Flaamske en Noard-Nederlânske makkers gear oan nij wurk. Dit jier krigen de dielnimmers De laatste dagen van de dorpsgek fan Anne-Goaitske Breteler as útgongspunt. By it festival sjogge we wat dat opsmiten hat.
  • Yn it troch Nicole van den Berg skreaune harkspul Gran Canaria, wie neemt ons mee? folgje we Gerard en Marcel, twa manlju dy’t inoar moetsje by in bushalte krekt bûten it strangleauwige doarp Grafsloot. Spul: Raymond Muller en Douwe Dijkstra, rezjy: Eelco Venema.
  • Fjouwer Jonge Schrijvers tusken de 15 en 18 jier makken elk in tal protestsongs. Se joegen wurden oan dingen dêr’t se har lilk om meitsje, dêr’t se bang fan wurde of dy’t se feroarje wolle. Har wurden wurde krêftich útfierd troch in fjouwerkoppige profesjonele bân.
  • Binnen it kruipdoorsluipdoor-programma ûntdekst op ûnferwachte plakken yn de stêd farske koarte foardrachten en performances fan (jonge) skriuwers, muzikanten, goreografen en teatermakkers dy’t dy meinimme yn wêr’t hja oan wurkje. Mei û.o. Erik de Boer, Willemijn van de Walle, Jaimy Hindriks en Esmé van den Boom.
  • Op freed 21 novimber en sneon 22 novimber kinne literêre makkers subsydzjeferlieners lykas it Nederlands Letterenfonds, Literatuur Vlaanderen, Amarte Fonds, Fonds 21, Dioraphte, Het Cultuurfonds en deBuren moetsje en fragen stelle tidens in speeddate of Q&A. Alle petearen binne yn Podium Explore, Bagijnestraat 59, Leeuwarden. Al even oanmelde fia de webside.