By de iepening fan festival Explore the North is De Aanzet lansearre, in nij talintenetwurk foar begjinnende skriuwers út Drinte, Grinslân en Fryslân. De earste fjouwer auteurs dy’t in jier lang begelieding en advys krije binne bekend makke.

Ut goed hûndert oanmeldingen binne Lieke van den Krommenacker, Liene Schipper, Hannes Schievink en Laura Mijnders keazen. Dizze skriuwers krije yn 2026 – op wei nei harren earste boek – persoanlike begelieding, workshops en kânsen om harren wurk op festivals sjen te litten. Dêrneist krijt elke skriuwer in bydrage fan 12.500 euro om syn/har plannen te realisearjen.

De Aanzet is opset troch We the North, NOORDWOORD, Explore the North en Stichting Literaire Activiteiten yn Drinte. It helpt skriuwers om better te wurden yn skriuwen en harren wurk goed ferkeapje te kinnen.