De fyfde poëzijfilm fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân is in ferfilming fan it gedicht Maitiid.
Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra wurde sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme. Geandewei dit jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV.
Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Ingels: David Colmer. Kamera en montaazje: Herman Zeilstra.