Al tweintich jier rydt de Vliehors Expres de moaiste dichtrigels út oer it strân fan Flylân. Alle jierren wurdt der in wedstriid útskreaun foar nije dichtrigels. Ljouwert UNESCO City of Literature ropt no tegearre mei de Vliehors Expres op ta it ynstjoeren fan in nij Frysk strângedicht foar op de Vliehors Expres.

Betingsten

– It maksimum oantal dichtrigels is 2
– De dichtrigels moatte yn it Frysk of in Fryske streektaal oanlevere wurde
– De dichtrigels hawwe in link mei de see, it strân en/of it libben op it eilân
– Beide dichtrigels binne net langer as 56 tekens, ynklusyf spaasjes en ynterpunksje
– De folsleine lingte fan de tekst is maksimaal 112 tekens, ynklusyf spaasjes en ynterpunksje
– De dichtrigels wurde oanlevere yn Jotform
– Ynstjoerders meie mear as ien kear ynstjoere

De oprop rint o/m woansdei 31 maaie 2023. Ynstjoere is net mear mooglik. De ynstjoerings wurde troch in sjuery meiwurkers fan de Vliehors Expres en Leeuwarden UNESCO City of Literature beoardiele. De winner krijt yn juny berjocht. De selektrearre dichtrigels wurde op de Vliehors Expres oanbrocht sadra’t dy ta is oan nije bannen. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Hast nei it lêzen fan dizze oprop noch fragen, nim dan kontakt op mei Sito Wijngaarden, projektmeiwurker by Ljouwert City of Literature, sito@leeuwardencityofliterature.nl. 

Op de foto: gedicht Wat ik zocht vloeit hier langs je voeten – Maida Robert