De ienentritichste lanlike finale fan De Nationale Voorleeswedstrijd is wûn troch Fedde Ebbing fan basisskoalle de Stapstien út Kollumersweach. Fedde mei him no in jier lang De Nationale Voorleeskampioen 2024 neame.

Yn TivoliVredenburg (Utert) lies Fedde foar út De heksen fan Roald Dahl. Njonken Fedde wisten ek Carmen de Vries út Roden en Sophia Klickermann út Almere in poadiumplak te feroverjen. Sy waarden respektyflik twadde en tredde. Oer alle dielnimmers hie de sjuery loovjende wurden. “It nivo lei, seker ek by it ûntaret foarlêzen, sa heech, dat it tige dreech wie om in winner te kiezen.”

De winner, Fedde, makke by de sjuery in soad yndruk: “Fedde blijft dicht bij zichzelf, leest met een vleugje humor voor en durft ook rust te nemen, waardoor hij de aandacht van de luisteraar naar zich toetrekt.”

Njonken De Nationale Voorleeskampioen, is Fedde it kommende jier de spesjale bernedirekteur fan it Berneboekemuseum yn Den Haag. Hjir krijt er in wichtige rol by it organisearjen fan eksposysjes en eveneminten rjochte op bern.