By Inlands Hout Van Leersum yn Burgum is woansdei 23 maart de beam foar de earste literêre bank fan Fryslân seage.

It wie in moaie iik dy’t by Staphorst stie. Seager Michiel koe oan de groeiringen sjen dat de beam op in plak mei in protte ljocht stien hie.

Neffens him siet der in spiker op sa’n meter heech, nei alle gedachten foar in buordsje, of in brievebus, yn alle gefallen gjin fûgelhok. Nei de lêste sneed bleau der in tsjokke balke fan sa’n 560 kg oer en rûkte de hiele romte nei hearlik swiete whisky mei de rook fan reek.

Byldzjend keunstner Ineke van der Blom wie by de earste stap. Se sil yn har wurkpleats yn Marrum mei it hout wurkje en der in prachtige literêre moetingsbank foar yn it sintrum fan Ljouwert fan meitsje.

De bank is ek ûnderdiel fan it literatuerprojekt Sprekende stenen. Dit projekt is ûnderdiel fan Over de drempel. Dichter Sytse Jansma makket de tekst foar it bankje.