De kommende twa jier rint Geart Tigchelaar yn syn nije funksje as Streekdichter Noardeast-Fryslân alle lêste woansdeis yn ‘e moanne mei in sandwichboerd op ‘e merk fan Dokkum. Op it boerd in gedicht. Fan himsels, fan foargongers en fan oare dichters (dy’t bygelyks yn ‘e omkriten fan Dokkum berne binne).

Mei it ‘merkgedicht’ wol streekdichter Geart Tigchelaar op in orizjinele wize poëzy ûnder de oandacht bringe. Hy kriget dêrfoar stipe fan Ljouwert City of Literature. Hjoed, woansdei 27 jannewaris, begjint Tigchelaar mei in gedicht dat hysels skreaun hat foar de Poëzywike, dy’t moarn begjint ûnder it tema ‘mei-inoar’.

Lês mear oer Geart Tigchelaar
Lês it gedicht yn de Dockumer Courant
Folgje Geart op Instagram

Foto: Ydwine Scarse