Kuhmo Unesco City of Literature (Finlân) organisearret in skriuwwedstriid mei de fraach: wat betsjut dyn memmetaal foar dy? De wedstriid is iepen foar jonge skriuwers tusken de 15 en 21 jier, dy’t yn in Unesco City of Literature wenje*.
De winner fan de skriuwwedstriid ûntfangt in priis fan € 400 en mei de tekst foardrage by in literêr evenemint yn Kuhmo. De winners fan de twadde en tredde priis ûntfange in pakket mei boeken. De 10 bêste teksten wurde sammele yn in tentoanstelling.
Wat moatst dwaan?
Skriuw in tekst fan 800 -1500 wurden dy ‘t antwurd jout op de neikommende fragen:
– Wat is dyn memmetaal?
– Wat betsjut dyn memmetaal foar dy?
– Hoe hat dyn memmetaal dyn identiteit foarme?
– Wat is it moaiste wurd fan dyn memmetaal en wêrom?
Skriuw twa ferzjes fan dyn tekst: in ferzje yn dyn memmetaal en in ferzje yn it Ingelsk. De skriuwstyl kinst sels kieze. Stjoer dyn wurk yn foar 29 maart.
Lês mear op:
* Ljouwert is City of Literature, mar ek skriuwers út de rest fan Fryslân kinne meidwaan.