Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije searje masterclasses Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclasses wurde jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

De masterclasses Literêre Performance binne bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe, en (leafst) al wat presintaasje/poadiumûnderfining hawwe. Yn dizze masterclasses ferkenst al spyljend de mooglikheden om in tekst oan en foar it publyk oer te bringen. Wille en ferbyldingskrêft steane foarop.

Mei akteur en teatermakker Karel Hermans silst oan ’e gong mei hâlding, stimgebrûk, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goede literêre performer. Do wurkest mei eigen teksten fan yn totaal 4 minuten foardracht – poëzij of proaza, yn hokker taal ast wolst – wêrmei’t jim mei-inoar in foarstelling meitsje. Nei fjouwer masterclasses en in try-out jouwe wy in mienskiplike foarstelling oan it publyk.

De masterclasses fine plak fan 19:00 oant 22:00 oere by Tryater, Oostersingel 70 yn Ljouwert, op woansdei 13 novimber, tiisdei 19 novimber, tiisdei 26 novimber en tiisdei 3 desimber. Op tiisdei 10 desimber fynt dêr de try-out plak en in dei letter op woansdei 11 desimber spylje jim dêr de foarstelling foar publyk.

Der is plak foar maksimaal seis dielnimmers. Meidwaan is fergees en wurdt oanbean troch Tryater, Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature. Mei DIT FORMULIER. Kinst dy oant en mei moandei 28 oktober 2024 ynskriuwe.

Wy meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte yn de wike fan 28 oktober witte oftst meidwaan kinst. Ast ​​selektearre binst, ferwachtsje wy datst meidochst oan alle gearkomsten en optredens. We freegje dy ek om foar’t de masterclassse úteinsette in eigen tekst(en) út te sykjen om yn de masterclass mei te wurkjen. Hâld der rekken mei datst dyn tekst út ’e holle leare moatst sadat der tidens de masterclasses optimaal oan de performance wurke wurde kin.

Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Sito Wijngaarden, projektmeiwurker by Ljouwert UNESCO City of Literature, sito@leeuwardencityofliterature.nl.