Skriuwers dy’t minimaal ien Nederlânsk- of Frysktalich literêr wurk skreaun hawwe, kinne noch oant 15 juny o.s. in wurkbeurs foar in nij te skriuwen literêr wurk (ynklusyf teäter) oanfreegje by it Nederlands Letterenfonds.

Oanfragen wurde allinnich yn behanneling nommen wannear’t de oanfreger in yntinsjeferklearring of modelkontrakt fan syn útjouwerij meistjoert. Tink derom: der kin allinnich mar oanfrege wurde foar literêre projekten dy’t op it momint fan subsydzjeferliening noch net realisearre binne.

Mear ynformaasje/oanfreegje