De Gjalp hat dit jier sân ynstjoerders ta winner útroppen. De priiswinners wurde op woansdeitejûn 17 juny op it poadium roppen, wêrby’t de winnende gedichten foardroegen wurde en guon fan de ideeën foar performance taljochte wurde sille. Ek wurdt dy jûn mear bekend makke oer de Gjalp 2027.

Under de namme de Gjalp hawwe Ensafh, de Moanne en RIXT yn maart dit jier twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters presintearre. Makkers koene in gedicht of in idee foar in festivalproduksje ynstjoere. De ynstjoerde gedichten binne troch de sjuery anonym beoardiele. It tema wie ‘It Waad’, want de Gjalp hat dit jier de gearwurking socht mei in tal festivals yn it waadgebiet. It smiet sân winners op. Fiif foar de Gjalp ‘poëzy’, en twa foar de Gjalp ‘produksje’. Yn dy lêste kategory waard ek in oanmoedigingspriis takend oan seis studinten fan de Skriuwersfakskoalle, dy’t mei-inoar in idee foar in toanieltekst ynstjoerd hiene.

De winners krije elts € 500,- foar harren ynstjoering. De winnende gedichten fan de Gjalp poëzy wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne, en de dichters krije de gelegenheid om harren winnende gedicht út te wurkjen ta in rige, dêr’t sy mei optrede kinne op in waadfestival. Foar de Gjalp produksje is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding fan de winners yn oanrin nei in festival, lykas it Dudeljo festival op Lauwerseach en Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach. Yn it gefal fan de seis studinten giet it om in oanmoedigingspriis; sy krije begelieding fan in kundich redakteur foar de fierdere útwurking fan harren tekst.

De winners krije fuort al in poadium op woansdeitejûn 17 juny, by Poadium Explore. De winnende gedichten sille foardroegen wurde, de winners fan de ideeën foar in festivalproduksje komme oan it wurd oer harren idee. Ek wurdt dy jûn foarútsjoen nei de tredde edysje fan de Gjalp yn 2027, wêrby’t de gearwurking socht wurdt mei Poadium Explore en de Popfabryk. Elk is fan herte útnûge om by de feestlike jûn op 17 juny oanwêzich te wêzen. De ynrin is om 19:00 oere, it programma begjint om 19:30 oere en wurdt presintearre troch Karen Bies.

De winners

Hannes Schievink (wenplak Amsterdam) en Myrte Marije Veenbaas (Amsterdam) binne as winners útroppen yn de kategory ‘produksje’. Sy krije in skriuwersresidinsje oanbean op in lokaasje yn it Waadgebiet om harren idee fierder út te wurkjen. Studinten fan de Skriuwersfakskoalle Jeltsje Abma, Mea Feenstra, Janneke Heslinga, Marleen van Veenen, Durk Veenstra en Sygrid van ’t Zet skreaunen in ferhaal mei seis personaazjes. Foar dy ynstjoering jout de sjuery in oanmoedingspriis. Winners yn de kategory ‘poëzy’ binne Remco Kuiper (Goutum), Ypie Haitsma (Achlum), Anders Rozendal (Dokkum), Gabriëlle Terpstra (Frjentsjer) en Joël Huitema (Ljouwert). De beide sjuery’s bestienen út redakteurs fan Ensafh, de Moanne en RIXT.

De Gjalp is in inisjatyf fan literêr tydskrift Ensafh, algemien-kultureel opinyblêd de Moanne en dichterskollektyf RIXT en wurdt sûnt 2025 alle jierren útroppen. De Gjalp betsjut letterlik: de (út)rop. De Gjalp wurdt mei mooglik makke troch stipe fan Provinsje Fryslân.

Foto: Lucas Kemper