Twa oproppen foar Fryske skriuwers en dichters
Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt.
Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025.
GJALP 1 – DICHTSJE BY HISTOARYSK FILMMATERIAAL
Dichters wurde útnûge om in gedicht te skriuwen by in filmfragmint út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Ut in seleksje fan 25 films (te finen op de webside fan it FFAA) kiest de dichter in fragmint fan 2 à 3 minuten en skriuwt dêr in gedicht by. In sjuery selektearret fiif teksten op basis fan literêre kwaliteit en byhearrend byld. De teksten wurde anonym beoardiele.
De fiif selektearre gedichten wurde (mei stipe fan it FFAA) troch de dichter sels ynsprutsen en montearre ta koarte poëzyfilmkes dy’t fertoand wurde op it Noordelijk Film Festival. Ek binne live-optredens fan de dichters op it festival ûnderdiel fan it plan. Elke selektearre dichter krijt in honorarium fan €500 en de teksten wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne.
Meidwaan? Stjoer dyn gedicht (mei fermelding fan film en tiidkoade) foar 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com
Foar de list mei de argyffilms: friesfilm-audioarchief.nl
GJALP 2 – DYN EIGEN LITERÊRE PROJEKT MEI FILM
Foar De Gjalp wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre produksje mei film. Fan in optreden mei byld oant in koart filmsenario, fan in essay oer film oant in animaasje-eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en film yninoar gripe. In sjuery fan literatuer- en filmkenners selektearret fiif plannen. De plannen wurde anonym beoardiele. Foar elk selektearre idee is der €500 beskikber foar in earste útwurking. Ek is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei it festival.
Ynstjoere kin oant freed 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com (Meardere ideeën ynstjoere mei!)
Mear ynformaasje op demoanne.nl; ensafh.nl en rixt.frl
De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, Ensafh en dichterskollektyf RIXT, yn gearwurking mei it Noardlik Film Festival en it Frysk Film & Audio Argyf.