De Aftocht, it projekt rûnom it gedicht út Paul van Ostaijen’s romrofte bondel Bezette Stad, sil op toernee. Explore the North en deBuren organisearje de toer mei live muzyk, poëzij en optredens. De liveshow is yn juny te sjen yn Ljouwert.

Mear as 40 keunstners jouwe yn it ynternasjonale projekt Besmette Stad in aktueel antwurd op it gedicht De Aftocht. Dat is útrûn op in multydissiplinêr keunstendossier, in boek en in toernee troch Nederlân, België en Dútslân.

De ôftraap fan de toer mei live muzyk, poëzij en optredens is op 22 febrewaris om 20:00 oere yn Antwerpen. Yn juny 2022 is De Aftocht ek te sjen yn de Westerkerk yn Ljouwert, presintearre troch Explore the North.

Sjoch hjir nei de registraasje:

Affiche De Aftocht
De Aftocht – samengesteld door Anna Eble, Marleen Nagtegaal, Matthijs de Ridder & Willem Bongers-Dek. 
Verschijnt 2 maart bij Pelckmans uitgevers.
ISBN 978 94 6401 613 0 | Paperback | 224 pag. | € 20,00.