It Amelân wurdt mear en mear it eilân fan ferhalen. Nei it meartalige festival Expeditie Ameland – a storytelling adventure, de spesjal fan dit festival Treasures of the Tradition en it Wadden Vertel Festival, binne dit jier yn alle bussen en op alle bushaltes op It Amelân koarte ferhalen yn ferskillende talen te hearren.

De busferhalen binne in gearwurking tusken fertelfestival Expeditie Ameland, Kunstmaand Ameland, Arriva en Gemeente Ameland.