Arjan Hut is sûnt novimber 2023 Dichter fan Fryslân, Marrit Jellema sûnt jannewaris 2024 Stedsdichter fan Ljouwert. Foar Ljouwert UNESCO City of Literature skriuwe se inoar wat se meimeitsje.

Lês hjir diel 1 (publisearre yn ús magazine LETTER, simmer 2024)
Lês hjir diel 2
Lês hjir diel 3
Lês hjir diel 4

Ha A.J. Hut,

Klinkt niet al te slecht hoor. Ik zou het overwegen. Het boek is af! Het wonder is geschied. Het is rap gegaan en nu lig ik even aan het zuurstof. We hebben de laatste workshop gehad van ons project Pratende Bouwurken en nu is het wachten tot de zinnen worden aangebracht. Zullen we een mooi rondje maken als het zover is? Een heuse tournee door Friesland! Mooi even.

Ik vond het mooi, 4 mei, om samen ons gedicht voor te dragen tijdens de herdenking in de Prinsentuin. Eervol. Jammer van je microfoon. Dat is toch wel erg zonde. Gelukkig verlies jij er geen slaap door, dat zou ik wel hebben. Ik zou er nu nog rondjes door ijsberen. Geloof me maar.  Hoe dan ook, de dag erna mocht ik ook nog voordragen tijdens de opening van het bevrijdingsfestival in Leeuwarden. Mooie dingen toch? Ik blijf het bijzonder vinden. Hoe gaat het met je vermoeidheid? Heb je alweer wat kleur op je wangen? Ik heb de laatste keer niet zo goed naar je gekeken. Ik vergeet dat vaak, om naar mensen te kijken. Zonde soms, vaak ook niet.

Het allerleukste nieuwtje komt nu: Afgelopen dinsdag (13 mei) werd er een poëzie steen van mij onthuld! Op een prachtige plek, vlak voor de ingang bij OBE. Het lijkt wel alsof ik die plek aan het annexeren ben, want op het raam staat natuurlijk ook al een gedicht van mij. Soms vraag ik me af wanneer de mensen me zat zullen zijn. Snel? Ooit? Nooit?

Een prachtig moment was het voor me, want toen ik vroeger langs die stenen liep (ja, ook die van jou voor het stadhuis) dacht ik; als ik ooit zo’n steen krijg dan heb ik het gemaakt. Nou, de steen is er. Ik moet er denk ik nog wel honderd keer langslopen om te geloven dat het echt is, zo mooi vind ik het allemaal.

Hut, ik ben wat korter van stof dan normaal, maar dat komt omdat er zoveel leuks op komst is en ik wil niet alles al verklappen. Ik wil ook nog wat overlaten voor de volgende brief en ik ben benieuwd hoe het met jou gaat. Wat doe jij zoal? Ben je goed tot rust gekomen toen je eventjes vrij nam? Hoe roze zijn je wangen?

Blijf ademen. Tot snel.

– Marrit

 – – –

Hee, Marrit,

Foarst, fan herte lokwinske mei dyn poëzij-stien! Ik hie him al lizzen sjoen foar de yngong fan it OBE-paviljoen, en der stie krekt in mefrou dyn gedicht te lêzen. Der komme allegeduerigen gedichten by yn de stêd, Sytse Jansma krige fan’t jier ek al ien. Ik sit no op de Bûterhoeke, en der leit in gedicht fan Komrij foar de doar en fierderop, achter de Aldehou, leit ien fan Cornelis van der Wal. Frjemd miskien, mar ik ha noch nea de hiele rûte (‘Het metrum van de voetstap’) rûn. Miskien moatte we ris mei in ploechje alle stiennen bydel, foardat it der tefolle wurde, of wy te âld….

Hoe rôze binne myn wangen? Sakrekt yn de garderôbe stie ik foar de spegel en dêr seach ik dochs in âldere menear. Wat tinner yn it hier, tikje kleurleas klaait hjoed, grize stobben om it kin. As ik my skear aanst, sjoch ik der tsien jier jonger út (tink ik), mar hielendal fris sil it net wer wurde.

Doe’t ik myn stien krige, hûndert jier lyn, wie ik in jonge hûn. As in puppy hipte ik by de poëzij op en slikke út entûsjasme de muze om it gesicht. Achterôf ha ik spyt fan myn stien-gedicht. Hie ik mar wat ienfâlfigers skreaun. Lykas Willem Hussem syn gedicht oer de kleur blau en it wyt fan in seil en de wyn dy’t opstekt.

Tegearre ien gedicht foar deadebetinking skriuwe, dat wie moai wurk. Ik fiskje krekt de oantekeningen foar myn ynput foar Tongerfûgels út in tsjuster hoekje fan myn rêchtas. Yn potlead, op de achterkant fan in filmticket (Wicked, Relax seat, 3D bril). Sa stadichoan ha ik batsen oantekenboekjes, plus in gaos oan losse papierkes mei rigels en sketsen yn steno/doktershânskrift. Eins soe ik romte yn de aginda meitsje moatte om de bêste ideeën ris út te wurkjen. (En om al dy boeken te lêzen dy’t har op magyske wize by ús thús manifestearje!)

Mar earst nei in skoalreuny. Tritich jier nei de diploma-útrikking ha ik noch altyd net in normale baan of rydbewiis, mar ik gean gewoan, sûnder skamte. Mei de trein. Wat is der wurden fan de famkes dy’t gjin ferkearing mei my woene? Wa binne der noch mear griis en keal? Wat is der oer fan it gebou dêr’t ik de gongen fan dreame kin?

Jellema, wat tinkst derfan – in kuier by alle publike gedichten fan Ljouwert del? Do en ik, in ploechje bikkels? Miskien yn etappes, in ‘vierdaagse’, mei ehbo-posten en medailles? Myn persoanlik assistint skillet meikoarten dyn persoanlik assistint foar in ôfspraak 😛

Rêstich oan, de heu!

– Arjan