Under Arcadia fersoargje wy 100 dagen lang in literêr programma mei ús projekt Klein geluk. Mar der binne fansels mear moaie projekten en aktiviteiten dêr’t literatuer in rol yn spilet. Dêrom in kar út it Arcadia-programma!

sa 17 maaie, 14.00-17.00 oere | Arcadia – Grûnfestival
In fleurige fiering fan keunst, ferhalen en mienskip op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Genietsje ûnder oare fan dûnsjende graafmasines, muzyk en dichters Erik de Boer, Arjan Hut, Sytse Jansma en Gerard de Jong. Sytse en Gerard jouwe in foarpriuwke fan de nije Sprekende stenen-ferhalen.

sa 17 maaie o/m sn 24 augustus | Broei
15 jonge makkers bringe harren eigen produksjes yn de perioade fan Arcadia. Mei ûnder oaren literêre talinten Mayte Veenstra (dy’t earder in gedicht foar ús boekelizzers skreau), Charlotte Westra en Rowan Vis. Folgje BROEI foar it programma.

to 29 maaie o/m sa 6 july | Orkater & De Lawei – De revolutie van de Rinsema’s
Poëtysk muzykteäter oer ûngelikens en de krêft fan keunst by de sânôfgraving yn Nij Beets. Fan de makkers fan Lost in the Greenhouse en Het Verdriet van de Zuiderzee en mei yn de haadrollen ûnder oaren Jip van den Dool, Rosa da Silva en Renée Soutendijk. Underweis nei de lokaasje komst DaDa-kollaazjes tsjin dy’t omwenners makken û.l.f. Erik de Boer.

sn 14 juny o/m sn 24 augustus | Tryater – Lift Me Up
Yn dizze audio-ynstallaasje harkest nei treastende ferhalen fan minsken út hiel Fryslân. Nim (lizzend) plak yn de ynstallaasje en lit dy meifiere troch ynterviews, fisuele effekten, muzyk en poëtyske teksten fan Sytse Jansma. Te belibjen yn Bouwurk fan Arcadia.

fr 18 july, 10.00-12.00 oere | Skelte Siweris Braaksma –  Striptekenen
Altyd al dyn eigen strip meitsje wollen? Yn dizze workshop learst de basis fan it striptekenjen fan Skelte Siweris Braaksma, bekend fan syn tsien eigen stripútjeften ûnder de namme Striplân.

op snein fan 15 juny o/m 24 aug, 10.00-12.00 oere | Arcadia – Sân Dei
In alternative, eigensinnige tsjinst oer skjintme en treast. Dichters, filosofen, keunstners, muzikanten en wittenskippers nimme dy mei yn harren gedachten en fiergesichten. Yn Bouwurk.

Bylden: Grûnfestival (Jelle F. Post), De revolutie van de Rinsema’s (Sanja Marusic) en Lift Me Up (Heleen Haijtema)