Wa ken net it mearke fan de bruorren Grimm oer de bisten dy’t nei Bremen gienen? Bremen is UNESCO City of Literature en makke by dit mearke it projekt Die Bremer Sprachmusikanten.
In besite fan it team oan Ljouwert hat no laat ta in bysûndere publikaasje: in ferhaal dat te hearren is op de webside fan ús susterstêd. Anne Tjerk Popkema sette it ferhaal oer nei it Frysk. Raymond Muller hat it ynsprutsen en Anke Bör makke der in yllustraasje by. It ferhaal duorret likernôch 7 minuten en kinst it hjir neilústerje.
Dêrmei stiet it Fryske ferhaal yn in bysûndere rige fan ferskillende talen. In soad harkwille tawinske!
