De wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, is dit jier foar Jetske Bilker, foar har roman Spegel en sonde. Op sneon 14 oktober wurdt de priis yn Boalsert útrikt. Foarôfgeand oan dy dei wurde aktiviteiten organisearre. Tresoar hat de organisaasje yn hannen en wurket gear mei oare literêre organisaasjes.  

Snein 8 oktober | In muzikale, literêre middei

Yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar sil in muzikale, literêre middei holden wurde, alles yn it teken fan priiswinner Jetske Bilker. Sa komst yn de kunde mei de skriuwster en har literêre wurk. Wurdt mei organisearre troch tydskrift De Moanne.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Tiisdei 10 oktober | Nei Japicx

Fjouwer nije skriuwers litte yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar hearre hoe’t sy ynspirearre reitsje troch Gysbert Japicx en syn betsjutting foar de (Fryske) taal en literatuer. Ferskillende talinten fan no ha de opdracht krigen om in nije literêre tekst te skriuwen. Hoe sjogge sy de ferhâlding tusken skreaune en sprutsen taal? Hoe geane nije skriuwers om mei meartaligens anno 2023? Op 10 oktober krije dy skriuwers it poadium. Wurdt mei organisearre troch De Moanne, Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Woansdei 11 oktober | Lês- en boekewille foar skoalbern

Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sil op woansdei 11 oktober in kreative aktiviteit fersoargje foar skoalbern yn de biblioteek yn Boalsert. De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden en bringt it Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht. De aktiviteit is spesjaal foar de útnûge skoalbern.  

Tongersdei 12 oktober | Mei-inoar lêze – Gysbert Japicxpriis-edysje

Mei-inoar lêze is mei-inoar genietsje fan moaie romanfragminten, pakkende ferhalen en bysûndere gedichten, en mei-inoar prate oer wat dy teksten oproppe. It is dus gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Yn dizze spesjale edysje fan ‘Mei-inoar lêze’ yn de Gysbert Japicxpriis-wike, lêze we teksten fan de winner fan de priis, fan Gysbert Japicx sels en nij wurk fan nije Fryske skriuwers. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen en dêrnei mei-inoar bepraten. De tagong is fergees en it is net nedich om oan te melden. Dizze aktiviteit wurdt organisearre yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature, de Culturele Apotheek en de biblioteek yn Drachten.

Lokaasje Iepenbiere biblioteek yn Drachten
Tiid 19.30 oere

Sneon 14 oktober I Utrikking (Lytse) Gysbert Japicxpriis

Op sneon 14 oktober wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, útrikt oan Jetske Bilker, foar har roman Spegel en sonde. Ek wurdt de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt oan Sytze de Haas. De útrikking is yn de Martinitsjerke yn Boalsert, yn de bertestêd fan dichter en skriuwer Gysbert Japicx (1603-1666). Elkenien is wolkom om derby te wêzen. It programma duorret fan 15.00 oant 16.30 oere. Muzyk is der fan Regina Forte.

Lokaasje Martinitsjerke yn Boalsert
Tiid 15.00 oere (ynrin 14.15 oere) 

Lytse Gysbert Japicxpriis
Om’t der sûnt 2013 ek in Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurdt, op itselde stuit as de provinsjale Gysbert Japicxpriis, sil der yn dizze feestlike wike omtinken wêze foar bernegedichten en fansels ek foar de priiswinner fan it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de Lytse Gysbert Japicxpriis.

11 oktober o/m 14 oktober I Eksposysje alve nominearre gedichten
Alve gedichten troch skoalbern út de groepen 7 en 8 waarden nominearre foar de Lytse Gysbert Japicxpriis. Dizze gedichten hingje fan 11 oktober o/m 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Elkenien is wolkom om de gedichten te lêzen. De tsjerke is fan middeis iepen fan 13.00 oant 16.00 oere. De gedichten binne ek te lêzen troch it publyk op de dei fan de útrikking op sneon 14 oktober.