Yvonne Keuls is ien fan de meast lêzen skriuwsters fan it lân, mei klassike titels as Het verrotte leven van Floortje Bloem, Jan Rap en z’n maat en De moeder van David S.. Yn de foarstelling Beestjes fertelt se oer de bûnte stoet húsdieren, dy’t har hús yn de rin fan de jierren befolkten, fan hûnen en parkiten ta katten en pappegaaien. Allegearre mei harren eigen nuvere en aardige kanten.

De iepenhertige en humoristyske observaasjes wurde muzikaal omliste troch Pax Gritter, dy’t Frânske, Italiaanse en Ingelske ynternasjonale ferskes sjongt en harsels dêrby op de gitaar begeliedt.

Yntree: € 19,50 ynkl. pauzedrankje. Mei yn it foar in stamppotbuffet foar € 9,50 ekstra.

Bestel kaarten

Nei de webside →