Hast altyd al in spannend ferhaal skriuwe wollen, mar witst net hoe’tst begjinne moatst? Doch dan mei oan dizze workshop, jûn troch thriller-auteur Marcella Kleine, dy’t oan de râne fan it Drints-Fryske Wâld wennet.

It giet om in ynteraktive workshop dêr’t alle fasetten fan it skriuwen fan in thriller oan bod komme. Der wurdt û.o. oefene mei it finen fan ynspiraasje. Nei ôfrin giest mei in eigen plot, oanhingpunten en tips nei hûs om fierder te wurkjen oan dyn unike ferhaal.

Marcella Kleine hat ferskate thrillers skreaun, wêryn’t de personaazjes balansearje op de tinne grins tusken goed en kwea. Mei mear as tweintich jier wurkûnderfining yn ’e forinsyske psychiatry kin sy har goed ynlibje yn har personaazjes.

Har lêste thriller Pas maar op voor de boze wolf, in fiktive roman dêr’t wierbarde foarfallen út it wolvengebiet yn ferwurke binne, waard nominearre as ien fan de fyftjin bêste thrillers fan 2024 foar de Max Sulveren Flearmûs. It boek ferskynde by Utjouwerij De Crime Compagnie.