Sneontemiddei 16 maart bringe twa Pieters byldzjende keunst en poëzy byinoar yn it monumintale Jugendstilpand De Utrecht oan de Twibaksmerk yn Ljouwert.

Dichter Pieter Boskma út Ljouwert en byldzjend keunstner Pieter Bijwaard binne buorlju yn it keunstnersdoarp Bergen. Yn stee fan it kuierjen yn it Bergenske bosk, kuierje sy op 16 maart foar ien kear tegearre yn De Utrecht. Dit is ek it slotakkoart fan de útstalling Cycli. De útstalling is allinnich dizze dei noch te sjen. Doet Boersma sei yn it programma Op en Ut fan Omrop Fryslân oer de útstalling: ‘Ik ha noch nea soks sjoen.’

Sneon 16 maart 2024
14 oant 15 oere en 15 oant 16 oere
De Utrecht, Twibaksmerk 48 Leeuwarden
Entree: 5 euro, ynklusyf drankje

Nei de webside →