Aventoerlike en yntime live-ûnderfining by dy foar de doar. Coronaproof!

De dei rint nei de ein. De stilte lûkt oer Fryslân. In ferpleger, in frou dy’t foar it earst nei lange tiid wer bûten komt, in sjoernaliste, allegearre binne se jûns ûnderweis. Wêrom sliepe se net? En wat dogge se sa let noch bûten?

De reis fan elk personaazje begjint online en einiget by in foardoar. Ek dyn foardoar. Yn in unike monolooch nimme sy dy yn fertrouwen oer wat har wekker hâldt. Bist tsjûge fan har tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten. Se treaste dy de nacht yn. Sadat alles lichter wurdt.

It lêste jier binne we in soad thús en sliepe we minder. Soms fielt it oft we yn in einleaze nacht belâne binne. Yn Nacht wurdst efkes út de deistige realiteit optild troch û.o. Joke Tjalsma, Nynke Heeg, Bart Harder, Aukje Schaafsma en Eva Meijering. Hokker akteur stiet aansens by dy op de stoepe?

De foarstelling wurdt makke troch it team achter de Oerol-hit ​Part-Time Paradise ​(Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Tatiana Pratley en skriuwer Wessel de Vries) yn gearwurking mei Sjoeke-Marije Wallendal (LF2018-iepeningsfoarstelling ​Marijke Muoi)​. Nacht is meartalich en reizget troch hiel Fryslân.

Hoe wurket it?

De foarstelling begjint online, wêrby’t it publyk yn de kunde komt mei de personaazjes. Elk personaazje reizget op in stuit nei in adres yn de provinsje. Live – by de foardoar – giet de foarstelling fierder. Hokker personaazje by dy oan de doar komt, is in ferrassing. De foarstelling (it online en live gedielte byinoar) duorret likernôch 40 minuten.

Sels ast gjin stoepe hast of yn in appartemint/(portyk)flat wennest, komt Tryater by dy oan ‘e doar. En der is ek in Bêd & Brochje-arranzjemint foar wa’t bûten Fryslân wennet.

Sjoch foar mear ynformaarsje en kaarten op de webside fan Tryater.

Op 5, 6, 7, 8 en 9 maaie binne der ekstra foarstellingen fan Nacht.

Foar elkenien dy’t bûten it Fryske fêstelân wennet en Nacht net misse wol en foar elkenien dy’t om in oare reden gjin akteur foar de doar ûntfange kin of wol, is der op sneon- en sneintejûn 8 en 9 maaie in folslein online ferzje fan Nacht te sjen.

foto: Florian Cats

www.tryater.nl