Schouwburg De Lawei docht dit jier mei oan it projekt Theater Na De Dam. Under lieding fan teatermakker Lisa Groot Haar ferdjippen jongeren út Drachten har yn ‘e skiednis fan Drachten yn de Twadde Wrâldoarloch. Harren ûndersyk foarmet de basis foar de Alleen in Oorlog-rûte.

Oer Alleen in Oorlog

De jonge Drachters moeten elk in âldere Drachtster dy’t de oarloch libbe. Se praten oer iensumens, ferbining en betinking. Ynspireare troch dizze moetingen makken de jongeren elk in 1 op 1-foarstelling fan 1 op 1, dy’t se op spesjaal makke bûtenbanken mei it publyk diele sille. De foarstelling wurdt tusken 3 en 9 maaie spile tusken 13.00 en 16.30 oere.

Oer Theater Na De Dam

Tidens dizze tolfde edysje fan Theater Na de Dam sette hast 400 jongeren yn 38 projekten yn hiel Nederlân harren yn om ek dit jier 4 maaie betsjutting te jaan. Op basis fan digitale petearen en korrespondinsje tusken jong en âld oer de oarloch – yn in protte ferskillende foarmen – wurdt wat weardefols makke en reflektearje wy net allinich op it ferline, mar ek op de komplekse tiden wêryn’t wy no libje.

foto: Froukje de Jong

www.lawei.nl