Ek dit seizoen komt de suksesfolle lêzingen rige ‘Spraakmakende Boeken’ nei Ljouwert. Alle jûnen stiet in oar boek sintraal. Op dizze jûn besprekt prof. dr. Mathijs Sanders it boek: ‘Vallen is als vliegen’ fan Manon Uphoff (Querido, 2019).

Oer it boek: ‘Vallen is als vliegen’ is in yn de werklikheid woartele roman oer in almar grutter wurdend, pynlik ferline. As nimmen oars wit Manon Uphoff de syktocht nei leafde, nei in identiteit, hurd en tagelyk poëtysk, mei krêft en mei humor del te setten.

By de rige ‘Spraakmakende Boeken’ wurde de (moanlikse) lêzingen fersoarge troch literatuerkenners, meastentiids ferbûn oan de fakulteit Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins.

Yntree: € 9,50 (€ 8,- foar leden en € 5,- foar studinten)
Mear ynfo & kaarten

Nei de webside →