Ek kommend seizoen komt de suksesfolle lêzingenrige ‘Spraakmakende Boeken’ nei Ljouwert. Alle jûnen stiet in oar boek sintraal. Op dizze jûn besprekt dr. Els Jongeneel it boek ‘De lange reis nei Rome’ fan Francesca Melandri (Cossee, 2018).

Oer it boek: as in frou yn 2010 yn Rome foar de doar in Etiopyske flechtling oantreft, dy’t seit dat er har neef is, is dat it begjin foar in ûndersyk nei it koloniale ferline fan Italië. Nominearre foar de Italiaanse Premio Strega, de wichtichste literatuerpriis fan Italië.

By de rige ‘Spraakmakende Boeken’ wurde de (moanlikse) lêzingen fersoarge troch literatuerkenners, meastentiids ferbûn oan de fakulteit Letteren fan Ryksuniversiteit Grins.

Yntree: € 9,50 (€ 8,- foar leden en € 5,- foar studinten)
Mear ynfo & kaarten

Nei de webside →