Inge Schilperoord hat in swak foar de minske oan de râne fan de mienskip. Tagelyk is se ynteressearre yn de wrakselingen dy’t we allegear mienskiplik ha. Mei har roman Muidhond (2020) wûn se de Bronzen Uil foar it bêste debút. Yn har nijste boek Het licht in de stad spylje de tema’s sjen en (net) sjoen wurde in grutte rol. Ek de grutte stêd dêr’t it him ôfspilet is mear as in dekôr. De lêzing wurdt organisearre troch Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen (SLAH ).

Mear ynformaasje & reservearje

Nei de webside →