Arend Hazekamp fertelt nei oanlieding fan syn krekt ferskynde boek Geestverwanten van Ferdinand Domela Nieuwenhuis it ferhaal fan arbeiders en lytse selsstannigen dy’t yn opstân kamen tsjin harren miserabele libbensomstannichheden. De garismatyske âld-dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis hold harren foar dat ek sy rjocht hiene op in minskweardich bestean. Yn syn lêzing giet Hazekamp ek yn op de skiednis fan it frije sosjalisme yn Drachten en Smellingerlân. De lêzing wurdt organisearre troch Smelne’s Erfskip.

Mear ynformaasje & reservearje

Nei de webside →