Op sneon 12 septimber fynt de presintaasje plak fan it Frysktalige histoaryske stripboek ‘it Blauwe Hûs’ fan tekener Skelte Siweris Braaksma. It makket diel út fan de Monumintedei yn en rûnom de monumintale Sint Vitusstjerke yn Blauwhûs. Braaksma hat it boek – geskikt foar alle leeftiden – makke yn opdracht fan de Jubileum Kommisje 150 jier Sint Vitustsjerke en de gemeente Súdwest-Fryslân.

‘It Blauwe Hûs’ fertelt oan ‘e hân fan twa personaazjes it ûntstean fan it doarp Blauhûs troch de iuwen hinne. It giet oer oerstreamingen, drûchlizzing en de oarloch; mar ek oer skoalle, tsjerke, karnaval en Merke. It lânskip feroaret troch it hiele boek hinne en lit dúdlik sjen dat de tiid hjir net stil stien hat.

Programma

It programma duorret fan 10.00 oant 10.45 oere. Untfangst om 09.45 oere mei kofje en oranjekoeke. Dernei û.o.: ynterview mei tekener Skelte Braaksma, útrikking 1e eksimplaar, sinjearen en ferkeap fan it boek (foar € 10,- / nei 12 septimber € 14,95). Muzikale bydrage: Pastoar Peter van der Weide en Jan Kuipers. Fergees tagonklik, frije ynrin.

Oer de tekener

De tekener, yllustrator en ûntwerper Skelte Siweris Braaksma hat as misje om fan Fryslân in striplân te meitsjen, krekt as Frankryk, België en Japan. Syn boeken draaie in soad om (de Fryske) histoarje en by nammen om ûnderbeljochte persoanen en barrens. Yn 2019 hat Braaksma mei oare striptekeners it kollektyf De Noorderlingen ta stân brocht.

Lês mear oer de tekener
en oer de Monumintedei