Mei de Nationale Voorleesdagen is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier. Op 26 jannewaris sette de foarlêsdagen tradysjoneel útein mei it ‘voorleesontbijt’. Fierder wurde der troch it hiele lân ferskate foarlêsaktiviteiten organisearre.

Nationale Voorleesdagen yn Fryslân

By it printeboek fan it jier ‘Maar eerst ving ik een monster’ is troch de Afûk ek in Fryske lesbrief mei dêryn ek in oersetting fan it boek makke. Fynst ‘m hjir. En by de de bibleteek leit boppedat it nije Tomkeboekje ‘Wêr is Romke?’ fergees klear foar alle lytse lêzers.  

Nei de webside →