Dit jier belibbest De Nacht van de Filosofie online! Mei boeiende lêzingen, te gekke keunst, krityske kollums en nijsgjirrige ynterviews. Dizze kear stiet it tema ‘De natuur was hier’ sintraal. It online evenemint is fergees te folgjen.

Oer it tema ‘De natuur was hier’

Diersoarten stjerre út, ús boaiem wurdt earmer en earmer en bosken steane yn ‘e brân. Troch eksplosive groei fan it tal minsken ferdwynt de natuer rap. Filosofen neame dit tiidrek it Anthroposeen, as it tiidrek fan de minske. Wy litte ús fuotprinten oeral wêr’t wy gean. Wy bringe plestik yn ‘e loft, oalje yn ‘e see en libje op it stuit mei in deadlik firus. Mar wa binne wy ​​yn relaasje mei de natuer?

Is der in ferskil tusken minsklike en net-minsklike natuer? Fertsjinje minsken in aparte status fan oare soarten? Is it libben fan in beam, bist as rivier like wichtich as dat fan in minske?

Genôch foer foar wittenskippers, filosofen en artysten foar in jûn online filosofearjen. Yn ferskate settings wurdst traktearre op muzyk, petearen en ynterviews. Sa fan it skerm de wenkeamer yn.

Besjoch hjir it programma
Meld dy oan foar De Nacht van de Filosofie
Folgje de Facebook-pagina fan De Nacht van de Filosofie en bliuw op ‘e hichte.

Lêstip fan de dbieb

dbieb organiseart De Nacht van de Filosofie Fryslân. Esther Kloosterman fan dbieb hat de folgjende lêstip foar dy:

“Eva Meijer, ien fan ‘e sprekkers op de Nacht van De Filosofie, skreau ‘De nieuwe rivier’. It is in roman dy’t oanslút by it tema ‘De natuur was hier’. ‘De nieuwe rivier’ is een hallusinearjende eko-detektive, wêryn’t Eva Meijer in folslein orizjinele wrâld sketst. In wrâld om yn te ferdwinen, mei de spoaren fan Jorge Luis Borges en David Lynch.”

www.dbieb.nl