Op sneon 1 novimber stiet de Fryske skriuwer Durk van der Ploeg (1930) sintraal op in literêre middei yn Tresoar. Fan de noch altyd warbere skriuwer ferskynt dizze hjerst in nije roman. Hy hat sa’n tritich romans skreaun, neist poëzy en novellen. Yn 2011 krige er de heechste Fryske literêre ûnderskieding, Gysbert Japicxpriis, takend foar al syn proaza. De sjuery priizge him foar syn net ôflittende ynset, sawol op it mêd fan taalrykdom as ynset en belutsenens om ta oansprekkend wurk te kommen.
Durk van der Ploeg fertelt dizze middei oer syn wurk. Ek wurde ferskate aspekten fan syn mânske oeuvre neier beljochte. Sa ûndersiket Tresoar-fellow Eveline de Smalen de posysje fan syn literêre wurk yn it Nederlânske kulturele fjild en as ûnderdiel fan de ekology fan de Waadsee.
foto: Wim de Vries
Nei de webside →