De solo-eksposysje Salon Barricade fan Erik de Boer slút ôf mei in bysûndere poëzymaraton. Erik is dichter en byldzjend keunstner dy’t freonlik ferfrjemdzjende dingen makket. Mei fûn guod, ôftanke materialen en objekten mei in ferline jout er foarm oan de waansin fan it deistige. Watst werkenst, skoot. Wat fertroud liket, wringt. In plak foar refleksje, humor en ferbylding.
Op snein 31 maaie wurdt de eksposysje letterlik en figuerlik ‘gedicht’. Tal fan dichters sille foardrage yn in estafette fan poëzy. Elke dichter draacht ien gedicht foar fan maksimaal twa minuten, dêrnei is de folgjende oan bar. Dizze estafette soarget foar in slot dat dy bybliuwt.
Wolst sels foardrage? It poadium is foar elkenien. Meld dy oan fia e.d.deboer@live.nl of stap spontaan nei foaren. Do meist faker foardrage, mar dan moat der op syn minst ien dichter nei dy west hawwe.
De eksposysje is fergees te besykjen fan tongersdei o/m snein fan 14.00-17.00 oere, foar en nei foarstellingen en op ôfspraak.
Foto: Floriske Gerritsma.
Nei de webside →